show episodes
 
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
 
Loading …
show series
 
NAC Breda mist troch corona miskien wol de helte fan syn basisteam, dochs gean se der yn Breda al hast fanút dat de earste perioadetitel nei NAC ta giet. Sa seit klupwatcher Yadran Blanco fan BN DeStem. "We hebben stiekem al een filmpje opgenomen, dat we er vanuit gaan dat de periodetitel naar NAC gaat." Yn de Sportcast prate we oer de topper NAC B…
 
"Als je de aanvalspatronen terug ziet komen, denk ik dat we heel goed bezig zijn. We hebben zeker geen klagen. We maken veel, mooie goals. Veel goals zijn ook trainbaar, daar geniet ik echt van. Dat is bijna wekelijks genieten. Voor iedereen." Martijn Barto is loovjend oer de ploech dêr't er spitsentrainer is. Cambuur wûn dit wykein mei 5-0 fan FC …
 
It is tiisdei 'Deadline Day', de lêste dei dat fuotbalklups spilers keapje en ferkeapje meie. Der stiet by sawol SC Hearrenfean as SC Cambuur noch it ien en oar te gebeuren. Dêrom prate we yn de Sportcast mei de twa technyske managers fan de betelle fuotbalklups. Gerry Hamstra en Foeke Booy fertelle oer harren plannen op de transfermerk.…
 
De grutte man oan de kânt fan SC Cambuur wie freed Issa Kallon. Hy skoarde fjouwer kear tsjin Jong FC Utrecht. Yn de Sportcast prate we mei de Cambuur-oanfaller. We prate ûnder oare oer ynteresse fan oare klups: "Er speelt wel wat." We prate ek oar it sukses fan SC Hearrenfean, dat nei njoggen wedstriden boppe-oan stiet. En we prate mei assistint-s…
 
Wa't ein augustus sein hie dat SC Hearrenfean nei twa wedstriden koprinner wêze soe fan de earedifyzje, wie warskynlik foar gek ferklearre. Alle wedstriden yn de tarieding waarden ferlern, mar nei Willem ll (2-0) bûnen de Feansters ek Fortuna Sittard (3-1) oan de oerwinningsrige. Der wurdt wiidweidich oer praat yn de nije SportCast, lykas dat de sp…
 
It wie in ferrassend fuotbalwykein, dêr't yn de nije SportCast wiidweidich oer praat wurdt. SC Hearrenfean hie yn de tarieding alles ferlern, mar wûn de earste kompetysjewedstriid krekt wól. Wylst SC Cambuur tsjin in ferrassende nederlaach oan rûn. Topskoarer Robert Mühren fan de Ljouwerters is te gast yn de SportCast en hy besiket de finger op it …
 
"Cambuur moat gewoan fan it fjild ôfstappe." It ûnderwerp rasisme by de wedstriid fan ôfrûne sneon tusken MVV en Cambuur (1-7) is ek yn de Sportcast in ûnderwerp. Sa fynt Roelof de Vries dat eltsenien dy't yn it stadion sit mear ferantwurdlikheid nimme moat. Issa Kallon waard de ôfrûne jierren yn Maastricht rasistysk bejegene en ek sneon krige hy w…
 
Cambuur-trainer Henk de Jong hie ferline wike búkgriep en wie dêrom efkes net op de klup. Moandei kaam dêrby dat syn frou ek siik is. Dus koe hy wér net oan it wurk sa't er dat sels wol. Syn frou wurdt moandei test. De Jong hat wol efkes op de klup west en op ôfstân mei wat minsken praat. Mar hy wol gewoan wer oan de slach. "Ik wol wurkje, net my s…
 
Fotograaf Pie Aerts zette onlangs een fundraiser op ten behoeve van African Parks, een NGO die zich inzet voor (de mensen in) parken in Afrika, die vooral de laatste maanden ernstig zijn getroffen door het wegblijven van toeristen, die doorgaans met hun uitgaven ervoor zorgen dat natuur beheerd kan worden. De fundraiser is simpel: door het kopen va…
 
Gerald Sibon is alwer efkes fuort by Hearrenfean, mar de klup giet him noch altyd oan it hert. "Tuurlijk, ik ben een clubman." Sa sprekt Sibon him yn dizze Sportcast út oer de kwaliteiten fan dizze seleksje, oer de krityske wurden fan oanfierder Joey Veerman nei de pynlike 5-1 nederlaach tsjin De Graafschap, oer hoe't de klup mei klupminsken omgiet…
 
Mark de Vries wurdt yn syn tiid by SC Cambuur in cultheld. Hy skoart oan de rinnende bân en wint by Cambuur sels 'de Gouden Schoen' foar bêste fuotballer fan de Earste Difyzje. Mei De Vries prate we oer syn tiid yn Skotlân by Hearts of Midlothian, oer it healjier by sportklup Hearrenfean, mar toch foaral oer Cambuur.…
 
Sportklup Hearrenfean hat noch gjin yndruk makke yn de earste oefenwedstriid fan dit seizoen. Se ferlearen mei 1-0 fan NAC Breda. "Al sjogge je dúdlik dat se guon spilers noch misse", stelt ferslachjouwer Roelof de Vries. Cambuur hat lykwols trije oefenpotsjes op rige wûn. De lêste tsjin PEC Zwolle. "It giet sa goed, se moatte freed mar net winne f…
 
Gruttere ûngeloksfûgels as Jordy van Deelen binne der yn de fuotbalwrâld no net te finen. Hy spile de lêste fjouwer seizoenen foar SC Cambuur, mar de ôfrûne twa jier waard er pleage troch knibbelblessueres. Ien kear skuorde er syn krúsbân ôf, de folgjende kear siet er mei de binnenbân fan syn knibbel en no is er koartlyn wer holpen oan in lossitten…
 
Op de jierdei fan SC Hearrenfean, dat moandei it hûndertjierrige bestean fiert, is Jan de Jonge te gast yn de nije SportCast. Hy kaam oer trije ferskate perioaden út foar de Feansters: ien kear as spiler, in kear as assistint-trainer en as haad jeugdoplieding. Op dit stuit is De Jonge trainer fan twaddedifyzjonist De Treffers út Groesbeek.…
 
Sportklup Hearrenfean hat in lading oan superspitsen hân. Afonso Alves, Camataru, Dost, Van Nistelrooij, Huntelaar, Finnbogason en sa kinne we noch wol efkes trochgean. Mei eare-foarsitter Riemer van der Velde en âld-skout Bert Pijffers sjogge we werom en beprate we de bêsten. Se meitsje alle twa in top 4. Boppedat belje we mei âld-Hearrenfeanspile…
 
De seleksje fan SC Hearrenfean hat op it stuit fakânsje, mar dat jildt net foar oare ôfdielings binnen de klup. Sterker noch: technysk manager Gerry Hamstra is smoardrok mei it gearstallen fan de seleksje en algemien direkteur Cees Roozemond bûget him ûnder oare oer de coronamaatregels en it effekt dêrfan op It Fean. Dan binne der ek noch ris de fe…
 
Sportklup Hearrenfean hat yn harren 100-jierrich bestean hiel wat moaie wedstriden spile, mar de meast beladen potsjes binne dochs dy tsjin SC Cambuur. Omdat Hearrenfean 20 july 100 jier bestiet sjogge we yn seis podcasts werom om ferskate tema's. Dit kear dogge we dat oer de twastriid tusken Hearrenfean en Cambuur. Dat dogge we mei Maarten de Jong…
 
Nei moannen mei promoasjestress, de oanfolgjende finansjele swierrichheden en dan ek nochris fertraging by de bou fan it nije stadion, wie der de ôfrûne wiken lang om let wer wat te laitsjen by SC Cambuur. De seleksje is sa goed as kompleet en sterkhâlders as Sonny Stevens en Robert Mühren bliuwe behâlden. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt p…
 
17 maaie 2009 is foar in soad Hearrenfean-supporters in dei dy't se noait ferjitte sille. Hearrenfean wint foar it earst yn de histoarje de beker. Yn de finale winne se nei penaltys fan FC Twente. Tegearre mei Gerald Sibon, Michel Breuer, Michael Dingsdag en Geert Arend Roorda sjogge werom nei de road to the final, de wedstriid sels en it feest dêr…
 
Yn de wyklikse SportCast is fuotbaltrainer Alex Pastoor ús gast. Hy is op it stuit trainer yn Eastenryk by SCR Altach. Doelstelling wie hanthavening op it heechste nivo en dat is slagge. Pastoor hat it goed nei it sin by de klup dêr't er syn aktive fuotbalkarriêre ôfsletten hat, mar hy slút in weromkear nei it Abe Lenstra stadion yn 'e takomst net …
 
SC Hearrenfean promovearret yn 1990 fia de neikompetysje as allerearste Fryske klup nei de earedifyzje. It is in wûnderbaarlike ûntknoping nei in fierder teloarstellend seizoen. Hearrenfean einiget yn 'e kompetysje as nûmer 16. Trainer Ab Gritter wurdt op strjitte set en wurdt ferfongen troch Fritz Korbach. En dan ûntstiet der in bizar senario.…
 
Der binne net in soad Friezen dy't oait foar it grutte Feyenoord spile hawwe, mar sûnt koart is Mark Diemers der ien fan. Hy tekene ôfrûne freed in trijejierrich kontrakt yn De Kuip en ferkeas dy klup boppe FC Grins, dat him ek hawwe woe. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast...Door Omrop Fryslân
 
Sportklup Hearrenfean ferraste yn it seizoen 1999/2000 elkenien troch twadde te wurden yn de earedifyzje. Dêrmei helle SC Hearrenfean de Champions League. Mei keeper Hans Vonk, ferdigener Gérard de Nooijer en oanfaller Anthony Lurling sjogge we werom op it seizoen dat se Champions League hellen en it seizoen dat se Champions League spilen.…
 
It koe wolris in drokke simmer wurde foar Gerry Hamstra, de technysk manager fan SC Hearrenfean. De seleksje fan de Feansters moat behoarlik fersterke wurde en tagelyk hawwe spilers as Chidera Ejuke en Joey Veerman in tige goed seizoen hân, wêrtroch't der foar harren belangstelling komme kin. Yn de nije SportCast lit Hamstra syn ljocht skine, ûnder…
 
SC Hearrenfean bestiet dit jier 100 jier. Yn it ramt dêrfan makket de sportredaksje seis podcasts mei ferskate tema's. Mei earefoasitter Riemer van der Velde, sjoernalist Johann Mast en eardere ploechgenoat Gilles Veenstra beprate wy yn 'e SportCast wat Abe Lenstra betsjut hat foar SC Hearrenfean. Abe makke as 15-jierrich jonkje syn debút yn it ear…
 
In samenwerking met evenementen collectief Huisduif heb ik (Promario) De Balans Podcast live uitgezonden vanuit Club Urbiance/Kiwi in Groningen. Uiteraard heb ik het niet alleen gedaan! Zo heb ik Jooz, Skedel & Mongoose uitgenodigd om te praten wat we vinden van de muziek industrie in de COVID-19, waar de luisteraars op dit moment op wachten, of cl…
 
Mei assistint-trainer Pascal Bosschaart fan SC Cambuur is der yn de nije SportCast in tûzenpoat te gast. Njonken dat er fuotbaltrainer is, kin er ek aardich sjonge en der liket ek noch in karriêre as ûndernimmer yn te sitten. Genôch reden dus om by te praten mei de man dy't Henk de Jong en Sandor van der Heide yn Ljouwert assistearret.…
 
Maarten de Jong mist 'syn' SC Hearrenfean. De man dy't fan 1984 oant en mei 1995 foar de klup spile draacht de titel 'Mister Hearrenfean', mar it iennige dat er noch foar de klup docht, is dat er clinics jout oan de jeugd. En dat it net mear is, docht him sear. Hy praat deroer yn de nije SportCast, mei dêrnjonken ek de iene nei de oare anekdoate út…
 
"Het zijn cruciale posities, absoluut." Technysk manager Foeke Booy is dúdlik: Cambuur is drok dwaande mei in keeper en mei in spits. Fan de seleksje fan no lizze der achttjin spilers ek foar folgjend seizoen fêst, mar de 'kop en de staart' moatte noch ynfold wurde. Binne Sonny Stevens en Robert Mühren hâldber? Yn de SportCast fan dizze wike fertel…
 
It is rêstich rûnom SC Hearrenfean, mar der falt fansels genôch te bepraten. Hoe grut binne de gefolgen fan de coronakrisis op de klup? Kinne Chidera Ejuke en Joey Veerman behâlden bliuwe? En is Klaas-Jan Huntelaar mooglik de nije spits? Alle reden om it te bepraten mei earefoarsitter Riemer van der Velde yn de nije SportCast.…
 
It binne spannende wiken foar elkenien dy't SC Cambuur in waarm hert tadraacht. Ofrûne freed wie it koart pleit tsjin fuotbalbûn KNVB, tongersdei folget wierskynlik de útspraak. Yn de rjochtbank giet it om de arguminten, mar de emoasjes binne der fansels ek. En hielendal by Ype Smid, earefoarsitter fan SC Cambuur. De man, dy't nea in blêd foar de m…
 
It earste seizoen fan Johnny Jansen as haadtrainer fan SC Hearrenfean sit derop. In nuver ein fansels fanwege it coronafirus. Alle reden om mei him werom én foarút te sjen. Yn de nije SportCast fertelt de Noardwâldster oer hoe't er it belibbe hat en oer syn winsken foar takom seizoen. Wêrby't je net om de namme fan Klaas-Jan Huntelaar hinne kinne. …
 
Foar dizze wike soene we de namme SportCast ek ynruilje kinne foar de RjochtCast, want it ferieningsrjocht is it wichtigste ûnderwerp yn de nije edysje. Hoefolle kâns makket SC Cambuur as it nei de rjochter stapt, om't de klup it net iens is mei it KNVB-beslút rûnom promoasje en degradaasje. It antwurd komt fan de advokate-bruorren Hans en Wim Anke…
 
Yn 2013 wurdt Dwight Lodeweges de nije trainer fan SC Cambuur. De Ljouwerters binne it seizoen dêrfoar kampioen wurden yn de earste difyzje en binne klear foar de oerstap nei it heechste nivo. Lodeweges foarmet dat seizoen mei Henk de Jong in geweldich duo. Letter stapt de coach oer nei SC Hearrenfean. Op it stuit is er assistint-bûnscoach. Yn de n…
 
It aventoer yn Australië is hommels oan de ein kaam foar Gertjan Verbeek. Hy is coach fan Adelaide United, mar troch de coronakrisis makke de klup syn lean net mear oer. Verbeek is mei ien fan de lêste fluchten fan Australië nei Nederlân kaam en sit no yn Dalfsen yn karantêne mei frou en dochter. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast.…
 
Unwissens hâldt de fuotbalwrâld noch altyd yn de besnijing. Wurdt it seizoen no wol of net útspile? Wer reden genôch om dêroer te praten yn in nije SportCast. Spesjale gast is SC Cambuur-oanfierder Erik Schouten. Dêrnjonken bellet ek de Fryske direkteur fan NAC Breda yn, Luuc Eisenga. Want hoe komt it mei it fuotbalseizoen?…
 
(Deze aflevering is opgenomen vlak voor de RIVM - COIVD-19 maatregelen - er worden evenementen benoemt die helaas zijn verplaatst of zijn afgelast)! In de vierde aflevering van seizoen 3 heb ik hiphop homey’s uit mijn hometown Groningen Steven Francis (hiphop event organisator, radio host en reporter) & Steven Gilbers (hiphop taal taal wetenschappe…
 
Coronakrisis of net, der falt altyd genôch te bepraten oer de sport. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik Michel Vlap. Ferline seizoen waard de Snitser mei sechtjin doelpunten topskoarder by SC Hearrenfean en dêrmei fertsjinne er in transfer nei de Belgyske topklup RSC Anderlecht. Ek dêr is er op it stuit kluptop…
 
Beste mensen, Op dit moment bevinden we in een era waarin wij allen goed op mekaar moeten letten, vanwege wereldwijde Corona Virus bestrijden en ik (Promario)wilde hier iets over kwijt. Neem je tijd en beluister de aflevering! Voor de mensen die hier over willen praten op de podcast (op afstand)? Stuur een e-mail naar Podcast@promario.nl en dan pla…
 
Ek al leit de sport troch it coronafirus folslein plat, der falt noch altyd genôch te bepraten. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik âld-Cambuurspiler Koen Brack. Hy spile mear as hûndert wedstriden foar de Ljouwerters, mar wennet en fuotballet no al jierren yn Italië. "We zitten in de derde regio qua brandhaarde…
 
Babak Salmanian jullie kunnen hem kennen als Mc voor verschillende urban evenementen, als YouTuber van de legendarische show "Babak Eet Weer", online rap show "Blockbarz" of hem als reporter voor de online platform "Bigger Than Amsterdam". In deze aflevering vertelt mr. Salmanian over zijn jongere leven, deelt de gekste avonturen als MC, de band tu…
 
Van harte welkom bij de eerste aflevering van De Balans Podcast seizoen 3. Het heeft een tijdje geduurd in deze aflevering leg ik "Promario" ook uit waarom, verder kijk ik "Promario" terug naar seizoen 1 & 2, hoe podcasten tot stand is gekomen en als slot laat krijgen jullie ook te horen wat de verwachtingen zijn! Wens jullie allemaal alvast veel l…
 
Mei noch tsien wedstriden te gean, komt it kampioenskip foar SC Cambuur hieltyd tichterby. As de Ljouwerters kampioen wurde, dan fynt Arjen de Boer dat it nije stadion de namme fan trainer Henk de Jong krije moat. "As it allegear slagget, dan hat Cambuur trije kear kampioen west, wêrfan't twa kear mei Henk. Dan moatte je dêr wat mei." Under lieding…
 
It gie allegear net hiel ienfâldich, mar Cambuur is nei de oerwinning op jong PSV wer in stap tichter by promoasje nei de earedifyzje. Spesjale gast Sandor van der Heide is dúdlik oer it kampioenskip: "De doelstelling is promoveren, het kampioenschap is bijzaak. Ook al worden we derde achter De Graafschap en jong-Ajax, dat zal me worst wezen. Als w…
 
Loading …

Korte handleiding

Google login Twitter login Classic login