Wim Brons openbaar
[search 0]

Download the App!

show episodes
 
It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Tsien kear yn it jier dûkt presintator Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegear ûnderwerpen dy’t oan ‘e oarder komme kinne yn dizze podcast. ...
 
Loading …
show series
 
Piet Paulusma en Wim Brons sjogge elkoar wer ris even yn de eagen sûnt it begjin fan de corona krisis. We hawwe it wiidweidich oer drûchte en delslach, oer de kommende simmer, oer Piet's aktiviteiten by Max en ek noch even oer de corona. Al moat de konklúzje wêze dat ek dizze hearen gjin virolooch binne. Mar wól wer in moai lyts kertierke legedruk …
 
'Hoe koe dat no útlekke man?' Fraach 1 fan Wim Brons oan Piet en sa hawwe we it yn dizze PietCast 22 fral oer de oerstap fan Piet nei NPO1, MAX. En in ietsiepietsie oer de winter. 'Is it te myld?' Nee, seit Piet, en it wurdt wat kâlder mar garânsjes op in wite Kryst komme der seker net. Stay tuned foar wer in kertierke prima waar- en mediapraat yn …
 
Us waarman Piet Paulusma hat syn ljocht skine litten oer de kommende winter yn syn earste winterfoarsizzing. Yn dizze nije PietCast, de podcast fan Piet, praat Wim Brons der mei him oer troch. Spoilerke: It wurdt kâlder én wikselfalliger as oare winters. Mar hear wer nei in goeie tsien menúten ûntspannen waarpraat yn dit legedruk gebiet op ynternet…
 
Sa'n bytsje oan de ein fan dizze simmer is it tiid om Piet Paulusma wer ris even op te sykjen foar de PietCast. Yn Harns praat Wim Brons yn de tweintichste edysje fan de podcast mei Piet oer it útkommen fan syn simmerfoarsizzing. Ek hawwe beide mannen it oer it feroarjende klimaat en oer Piets twivels of alle feroaringen wol troch CO2 komme. En is …
 
Alle jierren komt Piet Paulusma mei in foarsizzing foar de simmer. Yn dit legedrukgebiet op ynternet, de PietCast, prate Piet en Wim diz'kear oer Piet's ferwachting foar dy simmer. Wurdt it wer sa'n ekstreme simmer as ferline jier? Yn de njoggentjinde PietCast sjocht Piet foarút op it waar de kommende simmer. De streamingspatroanen fan de ôfrûne wi…
 
Yn dit legedrukgebiet op ynternet, prate Piet en Wim diz'kear oer de ferwachting foar de earste wiken fan April. Fierder drinkt Piet in soad kopkes kofje mei mediabazen yn it lân en liket it de goeie kant op te gean mei de grûnwetterstân. Gjin nijs? Dochs wol, altyd! En oars jou je je gewoan even del by wer in lyts kertier legedruk waarpraat yn diz…
 
Yn dizze 17de ôflevering fan de podcast oer it waar mei Piet Paulusma praat Wim Brons mei ús waarman fansels oer de rekôrds fan de ôfrûne dagen. Fierder hat Piet noch hieltyd de hannen fol oan de mediastoarm om syn fuortgean, ein dit jier by SBS6, hinne. En der wurdt praat oer de Wetterskipsferkiezingen. Piet is in grut fan fan it Wetterskip en kin…
 
Aaaa, komt-ie der dan no, dy winter? Foar it wykein binne de ferwachtingen aardich ûnder 0 nachts. Mar dan? Set it troch? Wim Brons praat mei Piet Paulusma oer de achtergrûnen, fansels yn goeie sfear. Hear in goede tsien minúten nei de jannewaris edysje fan Omrop Fryslâns PietCast, de podcast fan ús waarman Piet Paulusma. Dizze podcast is publisear…
 
Yn de foarige PietCast sei Piet dat it wol -20 wurde koe dizze winter. Wim Brons, nea út op ûnnedige opskuor, relativearret soks en sette dat net yn de kop fan it berjocht as clickbait. In wike letter herhelle Piet syn -20 útspraak yn oare media en wienen de koppen yn sûkelaarje letters net fan de loft. Wim nimt yn dizze ôflevering mei Piet troch h…
 
De earste PietCast nei de simmer. Heech tiid om by te praten nei de ekstremen, sawol yn it waar as op persoanlik flak. It waarbyld liket wer normale wearden te krijen; al is der noch in grut wettertekoart. En hoe dogge je dat: genietsje fan it moaie (nei)simmerwaar yn de wittenskip dat der dochs in tige ferûntrêstend patroan ûnder leit? Wat dogge d…
 
Yn dizze lêste podcast foar de simmerfakânsje giet it oer fansels de drûchte en fansels de simmer. Wim Brons praat mei Piet breedút oer de achtergrûnen by it ekstreme waar. Wat ferwachtet Piet fierder fan de simmer? En hokker garânsjes kin hy dêr by jaan? De earste twa-en-in-heale menút geane oer it draaien fan plaatsjes. Dat hat Piet wer oppakt yn…
 
Tsja, it moaie waar fan maaie hâldt mar oan en it liket wol of fynt elk it mar gewoan! Wim nimt troch mei Piet: de waarmte, de simmer(foarsizzing) en de ekstremen. Hawwe we sa stadichoan ek kâns op tornado's? Sille hagelstiennen tanimme yn diameter mei de grutter wurdende ekstremen? En: keunstgers is te hyt. Hear nei in kertierke serieus praat oer …
 
Piet blikt mei Wim noch heel even werom op de iiswike. Mar op it stuit is it útsûnderlik waarm! Fierder giet it oer Sahara sân, de doarpsmole fan Hjerbeam, oer houtkachels en oer de hege snelheidstrein. Lêste berjochten binne dat dy like fersmoargjend is as it fleantúch. Neffens Piet moat we de holle koel hâlde en prioriteiten stelle. De PietCast i…
 
Ja, ja, ja de winter... Komt der noch wat? We hawwe it deroer, fansels! Mar Piet en Wim hawwe earst in menútsje as fjouwer 'smalltalk' oer gryp, karnaval en entertainment. En ta beslút: wat foar elementen út dizze winter binne streekrjocht ta te skriuwen oan de klimaatferoarings?Door Omrop Fryslân
 
Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te g…
 
Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te g…
 
Yn dizze lêste PietCast foar de simmer giet it oer... de simmer! Piet makket alle jierren in simmerferwachting foar juny, july en augustus. Ien moanne fan dy trije hawwe we hân en hoe is dat gongen? Hoe siet it mei de ekstremen? We zoome noch even yn op de buien fan ein juny (dy moasten noch komme doe't dizze podcast opnaam waard) en dêrnei giet it…
 
Klimaatspesjal diel 2 mei Piet Paulusma. De resultaten fan en neipraat by de meeting by it KNMI mei alle (bekende) waarmanlju en -froulju fan Nederlân. Dy byienkomst wie in pear wiken ferlyn op inisjatyf fan de Deltakommissaris fan it Ryk Wim Kuijken. Hy komt oan it wurd yn dizze Pietcast en ek dy oare bekende Fryske waarman: Gerrit Hiemstra. Dit t…
 
Piet Paulusma is mei Wim Brons ûnderweis nei in byienkomst mei alle bekinde waarmanlju en -froulju fan Nederlân yn De Bilt by it KNMI. It gesprek yn de auto giet oer Piet's soargen en ydeeën oer de opwaarmjende ierde en se blikke foarút nei de gearkomste. Takom wike diel 2 mei ferslach fan dy fergadering yn de foarm fan gesprekken mei de Deltacommi…
 
Alle dagen wer dûkt Piet it waar yn. Mar hoe sjocht syn dei der eins út en wêr hellet de waarman syn ynformaasje wei? Wim Brons krûpt mei Piet achter syn kompjûters foar it útplúzjen fan de moarnsrûtine fan de waarman. Fansels prate se ek noch even oer it waar yn maart, want is it no maitiid of dochs noch winter....…
 
Loading …

Korte handleiding

Google login Twitter login Classic login