Omrop Fryslân openbaar
[search 0]
×
Beste Omrop Fryslân podcasts die we konden vinden (bijgewerkt Juni 2020)
Beste Omrop Fryslân podcasts die we konden vinden
Bijgewerkt Juni 2020
Word vandaag lid van miljoenen Player-FM gebruikers om nieuws en inzichten te ontvangen wanneer u maar wilt, zelfs wanneer u offline bent. Podcast slimmer met de gratis podcast-app die weigert een compromis te sluiten. Laten we spelen!
Word lid van 's werelds beste podcast-app om je favoriete programma's online te beheren en offline af te spelen in onze Android- en iOS-apps. Het is gratis en eenvoudig!
More
show episodes
 
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
 
It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Tsien kear yn it jier dûkt presintator Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegear ûnderwerpen dy’t oan ‘e oarder komme kinne yn dizze podcast. ...
 
It begûn mei in rockfestival, mar waard omdoopt nei in metalfestival. Fan 1.500 nei 12.500 besikers mei de jierren. Mar hoe is it eins ûntstean? Wa binne de gesichten efter dit festival? Wy prate mei de ''founding fathers'' fan it festival om te sjen wat der no eins allegearre barde yn 'e Wâlden. Fan houwerij backstage, de mooglikheid om Metallica te boeken, mei de tsjerke om tafel en it meast legendaryske ein fan it festival. Dit dogge wy mei Kees Koudstaal, Rinto Bekkema, Jaring de Groot e ...
 
Loading …
show series
 
Maarten de Jong mist 'syn' SC Hearrenfean. De man dy't fan 1984 oant en mei 1995 foar de klup spile draacht de titel 'Mister Hearrenfean', mar it iennige dat er noch foar de klup docht, is dat er clinics jout oan de jeugd. En dat it net mear is, docht him sear. Hy praat deroer yn de nije SportCast, mei dêrnjonken ek de iene nei de oare anekdoate út…
 
"Het zijn cruciale posities, absoluut." Technysk manager Foeke Booy is dúdlik: Cambuur is drok dwaande mei in keeper en mei in spits. Fan de seleksje fan no lizze der achttjin spilers ek foar folgjend seizoen fêst, mar de 'kop en de staart' moatte noch ynfold wurde. Binne Sonny Stevens en Robert Mühren hâldber? Yn de SportCast fan dizze wike fertel…
 
It is rêstich rûnom SC Hearrenfean, mar der falt fansels genôch te bepraten. Hoe grut binne de gefolgen fan de coronakrisis op de klup? Kinne Chidera Ejuke en Joey Veerman behâlden bliuwe? En is Klaas-Jan Huntelaar mooglik de nije spits? Alle reden om it te bepraten mei earefoarsitter Riemer van der Velde yn de nije SportCast.…
 
It binne spannende wiken foar elkenien dy't SC Cambuur in waarm hert tadraacht. Ofrûne freed wie it koart pleit tsjin fuotbalbûn KNVB, tongersdei folget wierskynlik de útspraak. Yn de rjochtbank giet it om de arguminten, mar de emoasjes binne der fansels ek. En hielendal by Ype Smid, earefoarsitter fan SC Cambuur. De man, dy't nea in blêd foar de m…
 
It earste seizoen fan Johnny Jansen as haadtrainer fan SC Hearrenfean sit derop. In nuver ein fansels fanwege it coronafirus. Alle reden om mei him werom én foarút te sjen. Yn de nije SportCast fertelt de Noardwâldster oer hoe't er it belibbe hat en oer syn winsken foar takom seizoen. Wêrby't je net om de namme fan Klaas-Jan Huntelaar hinne kinne. …
 
Foar dizze wike soene we de namme SportCast ek ynruilje kinne foar de RjochtCast, want it ferieningsrjocht is it wichtigste ûnderwerp yn de nije edysje. Hoefolle kâns makket SC Cambuur as it nei de rjochter stapt, om't de klup it net iens is mei it KNVB-beslút rûnom promoasje en degradaasje. It antwurd komt fan de advokate-bruorren Hans en Wim Anke…
 
Yn 2013 wurdt Dwight Lodeweges de nije trainer fan SC Cambuur. De Ljouwerters binne it seizoen dêrfoar kampioen wurden yn de earste difyzje en binne klear foar de oerstap nei it heechste nivo. Lodeweges foarmet dat seizoen mei Henk de Jong in geweldich duo. Letter stapt de coach oer nei SC Hearrenfean. Op it stuit is er assistint-bûnscoach. Yn de n…
 
It aventoer yn Australië is hommels oan de ein kaam foar Gertjan Verbeek. Hy is coach fan Adelaide United, mar troch de coronakrisis makke de klup syn lean net mear oer. Verbeek is mei ien fan de lêste fluchten fan Australië nei Nederlân kaam en sit no yn Dalfsen yn karantêne mei frou en dochter. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast.…
 
Unwissens hâldt de fuotbalwrâld noch altyd yn de besnijing. Wurdt it seizoen no wol of net útspile? Wer reden genôch om dêroer te praten yn in nije SportCast. Spesjale gast is SC Cambuur-oanfierder Erik Schouten. Dêrnjonken bellet ek de Fryske direkteur fan NAC Breda yn, Luuc Eisenga. Want hoe komt it mei it fuotbalseizoen?…
 
Coronakrisis of net, der falt altyd genôch te bepraten oer de sport. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik Michel Vlap. Ferline seizoen waard de Snitser mei sechtjin doelpunten topskoarder by SC Hearrenfean en dêrmei fertsjinne er in transfer nei de Belgyske topklup RSC Anderlecht. Ek dêr is er op it stuit kluptop…
 
Ek al leit de sport troch it coronafirus folslein plat, der falt noch altyd genôch te bepraten. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik âld-Cambuurspiler Koen Brack. Hy spile mear as hûndert wedstriden foar de Ljouwerters, mar wennet en fuotballet no al jierren yn Italië. "We zitten in de derde regio qua brandhaarde…
 
Under de namme Nijkleaster, is in groep minsken yn en om Jorwert dwaande mei de letterlike realisaasje fan in nij kleaster. In plak en mienskip foar stilte, besinning en ferbining. In histoaryske, mar fertutearze pleats oan It Westerhûs, tusken Jorwert en Hilaard, moat it nije kleastergebou wurde. Tsjerken, oerheden en fûnzen, soargen al foar in be…
 
Yn 2025 in enerzjyneutraal doarp wêze. Dat is it doel fan Wynjewâld. In groep doarpsbewenners is drok dwaande om dat foarinoar te krijen. Der bart fan alles en de groep hat sels de priis 'Pioniers van het platteland' fan it programma Tegenlicht fan de VPRO wûn. Se rinne mear as 10 prosint foar op omlizzende doarpen kwa enerzjyneutraliteit. Pieter d…
 
Fjouwer freonen begjinne yn 1979 oan in grut aventoer: se meitsje in seereis op in selsboud flot: de Sterke Yerke 3. Nei de Sterke Yerke 1 dêr't se mei op it Fryske wetter fearn hiene, en de Sterke Yerke 2 dêr't se mei nei Ingelân fearn wiene, kaam it echte wurk: de Sterke Yerke 3. Op 1 augustus 1979 wurde se útswaaid út Harns wei; It doel is Kuras…
 
'Hoe koe dat no útlekke man?' Fraach 1 fan Wim Brons oan Piet en sa hawwe we it yn dizze PietCast 22 fral oer de oerstap fan Piet nei NPO1, MAX. En in ietsiepietsie oer de winter. 'Is it te myld?' Nee, seit Piet, en it wurdt wat kâlder mar garânsjes op in wite Kryst komme der seker net. Stay tuned foar wer in kertierke prima waar- en mediapraat yn …
 
De Sportcast stiet dizze kear folslein yn it teken fan it betelle fuotbal yn Fryslân. SC Hearrenfean wûn mei 3-1 fan RKC Waalwijk en ek SC Cambuur pakte trije punten. De ploech fan trainer Henk de Jong wûn mei 4-2 fan FC Dordrecht. Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer binne dizze kear de analisten. Andries Bakker besiket de útstjoering yn …
 
It wie wer in moai wykein foar de Fryske betelle fuotbalklups. Hearrenfean wûn mei 3-2 fan Vitesse en Cambuur wûn mei 3-1 fan Jong AZ. Yn dizze Sportcast hawwe wy hjir wiidweidich omtinken foar. Geert van Tuinen en Andor Faber binne dizze kear de analisten. As spesjale gast praat ek âld-Omropmeiwurker Jan Vincent van Zuiden. De presintaasje is yn h…
 
De syktocht nei Joadske bern, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by Fryske pleechfamyljes ûnderbrocht binne, is yn folle gong. Der binne al mear as hûndert reaksjes binnenkaam. Ien fan harren is Estha Gobes, berne yn 1939 yn Amsterdam. Hiel bysûnder: der binne lûdsopnames fan lytse Estha.Door Omrop Fryslân
 
De swarte Pitediskusje is dit jier fûler as ea, ek yn Fryslân. Nei de rasistyske sprekkoaren by de wedstryd fan Den Bosch tsjin Excelsior, krige antidiskriminaasjeburo Tûmba yn in wike tiid 30 meldingen fan rasisme, wylst dat der oars sa'n 4 binne. Ien lûd kaam hiel stevich troch: dat fan Sandra Rosa út de Lemmer. Se is hikke en tein yn Suriname en…
 
SC Cambuur en SC Hearrenfean moasten beide yn Eindhoven fuotbalje ôfrûne wykein. Hearrenfean kaam nei in minne earste helte krekt tekoart tsjin PSV (2-1). SC Cambuur wûn wol: FC Eindhoven waard mei 3-0 ferslein. Yn de Formule E makke Nyck de Vries syn debút en hellet Epke Zonderland de Olympyske Spelen wol? Genôch te bepraten yn dizze Sportcast en …
 
Hast 3.000 flechtlingen krigen yn oarlochstiid ûnderdak yn Eastdongeradiel. Fan saneamde 'bleekneusjes' oant hongerflechtlingen en Arnhemse evakuees dy't nei de operaasje Market Garden harren hûs kwyt rekken. Dy lêste stream kaam 75 jier lyn nei it noarden. Fannewike ferskynde dêrom in tsjok boek mei de ferhalen fan flechtlingen en de 1400 húshâldi…
 
'Us Ferlosser' is moandei eksakt 100 jier lyn ferstoarn. Dat wie de bynamme fan dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de romrofte sosjalistyske en letter anargistyske foarman. Fan ein jierren 1870 ôf besocht Domela as ien fan de earsten mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Yn ús provinsje krige hy in grutte oanhing. Dit jier …
 
'Us Ferlosser' is moandei eksakt 100 jier lyn ferstoarn. Dat wie de bynamme fan dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de romrofte sosjalistyske en letter anargistyske foarman. Fan ein jierren 1870 ôf besocht Domela as ien fan de earsten mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Yn ús provinsje krige hy in grutte oanhing. Dit jier …
 
Op 6 novimber 1919 makke yngenieur Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda de earste radio-útstjoering fan Nederlân. As earbetoan oan him en 100 jier radio, komt Buro de Vries op 3 novimber mei in spesjale útstjoering út Weidum wei, it bertedoarp fan dizze radiopionier. Fanfare de Harmonie Weidum sil spesjaal foar de gelegenheid 3 fan de nûmers…
 
De Fryske Jelmer is ien fan de tûzenden krúsfarders dy't yn 1218 de Egyptyske havenstêd Damiate belegeren. Mei hûnderten oare Friezen is hy fan Fryslân út nei de Nijl syld. Damiate is in tige sterke festing mei midden yn de Nijl de machtige 'Kettingtoer'. Neffens krústochtprediker Olivier van Keulen is krekt Jelmer roppen om dizze toer te feroverje…
 
Yn de Sportcast fan ôfrûne wike sei Roelof de Vries dat Cees Roozemond eins noch neat goed dien hat by SC Hearrenfean. Dat freget om in reaksje fansels. Roozemond woe sels ek wol it ien en oar taljochtsje en dêrom skowde hy oan by analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.…
 
Ninah Tiemersma is in jonge dosinte Gryksk en Latyn yn Ljouwert. Se makke in teäterstik oer har libben en PTSS, post traumatisch stresssyndroom. As jong famke libbe Ninah mei in ferslaafde heit dy't har fysyk en mentaal mishannele. Doe't har mem en sy úteinlik by him weigiene, bleau hy harren stalken. Ninah wie al jong traumatisearre en der waard t…
 
Loading …
Google login Twitter login Classic login