Never Alone openbaar
[search 0]
Meer
Download the App!
show episodes
 
Artwork

1
Sportcast

Omrop Fryslân

Unsubscribe
Unsubscribe
Wekelijks
 
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
  continue reading
 
Artwork

1
Barts Classic Track

NPO Luister / AVROTROS

Unsubscribe
Unsubscribe
Maandelijks
 
In Barts Classic Track bespreekt NPO Radio 2 DJ Bart Arens samen met de artiest in kwestie hoe grote Nederlandse hits tot stand zijn gekomen. Achter het mengpaneel van de Wisseloord Studios wordt de track laagje voor laagje ontleed en hoor je hoe het nummer is ontstaan. Iedere maand een nieuwe aflevering!
  continue reading
 
Loading …
show series
 
Oft it no trainer Henk de Jong wie of syn assistinten Jeroen Burghout en Rik Reinsma, de technyske stêf fan SC Cambuur krige in soad krityk de ôfrûne wiken troch de minne prestaasjes. Oanfierder Mark Diemers fertelt yn de Sportcast dat it him steurt.Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
De krityk op Cambuurtrainer Henk de Jong boazet oan nei de fiifde kompetysjenederlaach fan dit noch jonge seizoen. Neffens klupikoan Foppe de Haan fan Sportklup Hearrenfean sjitte de Ljouwerters der neat mei op as se him dien jouwe. Dat seit de 81-jierrige âld-fuotbaltrainer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.…
  continue reading
 
Sportklup Hearrenfean naam tsjin FC Grins krekt wat minder risiko yn de opbou as yn de wedstriden dêrfoar. It wie ien fan de redenen dat de ploech fan trainer Robin van Persie mei 2-1 wûn. Dat seit âld-fuotballer en tsjinwurdich sportsjoernalist Tieme Klompe yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
It wol noch net foar SC Cambuur dit seizoen. De Ljouwerters krigen kâns op kâns tsjin Helmond Sport en TOP Oss, mar beide kearen waard der mei 1-0 ferlern. Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries is kritysk op de ploech fan trainer Henk de Jong.Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
Gerald Sibon is ûnder de yndruk fan de wurkwize fan Robin van Persie by sc Hearrenfean, dat fertelt hy yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Ik vind het voetbal leuk om naar te kijken en vindt het bijzonder knap hoe hij dat in korte tijd voor elkaar heeft gekregen."Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
"Dan denken ze: wat is dit voor idioot?" As para-fytser Tristan Bangma mei grutte mannen as Gerraint Thomas in berch opklimt, sjogge se wolris frjemd oan. Bangma en Lisette Bruinsma fertelle oer har tarieiding op de Paralympyske Spelen.Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
Sporte tusken de militêren, in gouden medaille, hast in brân en de sykte fan Lyme. Friezen kenne in turbulinte skiednis op de Olympyske Spelen. De sportcast stiet dizze moanne yn it teken fan de Olympyske Spelen. Omrop Fryslân praat mei sporters en âld-sporters oer it grutste sportevenemint fan de wrâld. Dit kear binne dat trije âld-dielnimmers: hu…
  continue reading
 
Fjouwer Friezen leveren yn 1996 in unike en histoaryske prestaasje. Se wûnen goud op de Olympyske Spelen mei de Nederlânske follybalploech yn Atlanta. In momint dat Joop Alberda altyd bybliuwe sil: "It wie foar my in twadde geboarte."Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
Mark Diemers is werom yn Ljouwert nei syn earste jier by AEK Larnaca op Syprus. De fuotballer waard dêr krekt gjin kampioen, mar belibbe fan alles fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Dit is de lêste ôflevering fan de Sportcast fan dit seizoen. Op moandei 29 july binne sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en …
  continue reading
 
By de wederopbou fan SC Cambuur is in grutte rol weilein foar Ruben de Jong. Hy is de soan fan trainer Henk en is sûnt koart haad scouting by de Ljouwerters. Ruben skoot oan, tegearre mei âld-spiler Sandor van der Heide, oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
Kees van Wonderen hâldt nei dit jier op by SC Hearrenfean. Yn de Sportcast sjogge de oanwêzigen mei de trainer werom op syn tiid yn Fryslân. Ek rjochtsje se de blik nei de takomst. Wat sil er nei de simmer dwaan, en wa moat it stokje fan him oernimme?Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
Trainer Johnny Jansen is sûnt in heal jier haadtrainer by PEC Zwolle. Snein komt hy wer werom nei it Abe Lenstra Stadion foar de wedstriid tsjin PEC Zwolle. Oait tinkt hy der ek wol oan om noch werom te kommen by Hearrenfean.Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
Der is eins gjin thúswedstriid fan Sportklup Hearrenfean dy't earefoarsitter Riemer van der Velde oerslacht. Mar alle kearen nei it Abe Lenstra Stadion is dit seizoen net altyd like maklik, sa jout de 83-jierrige âld-bestjoerder ta yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
Ard de Graaf is bliid dat SC Cambuur yn de heale finale fan de KNVB-beker in thúswedstriid spilet. Al sân jier rint de algemien direkteur fan de klup nammentlik mei in 'bekertraumaatje' rûn, fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
Reedrydcoach Jillert Anema hat sneon de oeuvrepriis fan Sport Fryslân krigen. 'It orakel fan Bontebok' wurdt priizge foar hoe't er it bêste út syn riders krije kin, mei syn soms ûnkonvinsjonele oanpak. De priis waard útrikt yn 'Sportkafee Bakker en De Vries'. Jillert Annema wie tegearre te gast mei Cambuur-trainer Henk de Jong. Yn de podcast seagen…
  continue reading
 
Yn de winterstop sil Ferry de Haan, direkteur fan sc Hearrenfean, om tafel mei trainer Kees van Wonderen oer syn ôfrinnende kontrakt. Klupikoan Foppe de Haan soe it ferlinge, mar hat noch wol in tal opmerkings. Dat seit er yn de Sportcast.Door Omrop Fryslân
  continue reading
 
Loading …

Korte handleiding